Snits Wyt Swart ferliest

29 mrt 2009 - 16:30

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart hat op it eigen fjild mei 3-0 ferlern fan Achilles '29 út Groesbeek. Yn de earste helte wie de wedstriid yn lykwicht. Wol kaam Snits yn de earste helte op in 1-0 efterstân.

Yn de twadde helte gong it mis mei de Snitsers. Achilles skoarde noch twa kear. Doelman Ernst Pieter Bantena waard yn de twadde helte fan it fjild stjoerd. Hy helle in spiler ûnderút yn it strafskopgebied.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)