10.000e besiker Teater Snits

29 mrt 2009 - 16:24

Teater Snits hat sneontejûn de 10.000e besiker ferwolkomme. Dat wie by in optreden fan Fay Lovsky, de band Octobar en fluiter Geert Chatrou. Jansen út Penjum wie de lokkige en krige in bosk blommen en in tas fol kado's fan direkteur Ben van der Knaap.

Oan de ein fan it konsert fluite Jansen ek noch in duet mei trijefâldich wrâldkampioen Chatrou. Hy krige dêrfoar in steande ovaasje fan it publyk. Yn 2010 start de bou fan in nij teater yn Snits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)