Ferfelende man oanholden

© Omrop Fryslân
In ynwenner (27) fan Wytmarsum is sneintemoarn betiid oanholden yn de Dijkstrjitte yn Boalsert. Yn de strjitte drige in fjochtpartij te ûntstean tusken twa groepen stappers. De plysjes grypten yn en hellen ien fan de oanstifters út de groep.
Ien fan de plysjes begelate de man nei in taksybus. Ynienen kaam de 26-jierrige oanrinnen. Hy bemuoide him dermei en luts oan de klean fan de plysje. Om't er net ophâlde woe, krige er in klap. Hy waard dêrnei oanholden.