CD mei Fryske gedichten

Jan en Romke Kleefstra
De gearwurking tusken de út Akkrum ôfkomstige sjongers Jan en Romke_Kleefstra en Chris_Bakker hat laat ta in cd fol mei Fryske gedichten. De cd ´Wink´ is basearre op de live-optredens dy´t se yn novimber en desimber ferline jier jûn ha.
It bysûndere is dat it stik yn in heal oere en yn ien kear live opnaam is. It is útjûn yn in limitearre, mei de hân nûmere oplage mei in gouden boekje. Der wurdt sprutsen yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk.