Haven Grou net ferpleatst

29 mrt 2009 - 12:10

It bestjoer en de leden fan de Grouster Wettersportferiening (GWS) binne bot teloarsteld omdat it ferpleatsen fan har haven net trochgiet. De haven soe yn it ramt fan it Fryske Marreprojekt ferhúzje fan de Pikmar nei in nij plak oan de Blikpôle.

Sa komt der in moaier útsjoch fan de mar op it doarp en oarsom. De provinsje soe it grutste part fan it projekt fan acht ton betelje, mar dan moast Boarnsterhim in bydrage leverje, en de gemeente hat it jild der net foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)