Fûgelhelling wol subsydzje ha

29 mrt 2009 - 09:41
  • De Fûgelhelling yn Oerterp

Fûgelasyl de Fûgelhelling yn Oerterp soe de kommende jierren 17.500 euro yn it jier subsydzje fan de gemeente Opsterlân krije moatte. Dat stelle B. en W. fan Opsterlân foar oan de gemeenteried.

De Fûgelhelling hat de subsydzje sels oanfrege, omdat it struktureel mei in tekoart fan mear as 20.000 euro yn it jier sit. Dat komt omdat it asyl gjin jild mear fan it Ryk krijt. De reserves binne op, sadat it fûgelasyl it jild sels ek net mear bijpasse kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)