Stroetinga middenmoater by WK

Wim Stroetinga
Hurdfytser Wim Stroetinga fan Aldeberkeap is sneon mei syn maat Pim Ligthart by de WK baanwielrennen yn it Poalske Pruszkow alfde wurden op de koppelkoers. It goud wie foar it Deenske koppel Morkov en Rasmussen. Sij bleaune Austraalje en Tsjechië foar.
Earder dit WK waard Stroetinga 20ste op it ûnderdiel scratch. By eardere WK's hie Stroetinga mear sukses. Mar hij is dit seizoen ek mear aktyf op de dyk as op de baan.