Lieuwe Westra yn de oanfal

Lieuwe Westra hat him sneon yn de E3 Prijs Vlaanderen geweldich sjen litten. Yn it begjin fan dizze klassiker oer 208 kilometer ried er yn in kopgroep fan fjouwer man. De hurdfytser fan Mûnein bleau nei in flecht fan krapoan 170 kilometer allinnich oer. Doe waard er troch in sterke kopgroep ynrekkene.
De Italiaan Filippo Pozzato wûn yn Harelbeke de sprint fan de Belch Tom Boonen en de Kazak Maxim Iglinskiy. Lieuwe Westra waard 30ste.