ONS Snits ferliest fan Berkum

28 mrt 2009 - 17:29

Sneonshaadklasser ONS Snits ferlear yn Swolle mei 5-2 fan Berkum. Troch doelpunten fan Klaas Johan Knevelman en Leo de Wagt yn de earste helte kamen de Snitsers op in 2-0 foarsprong.

Yn de twadde helte gong it hielendal mis mei ONS. Berkum skoarde fiif kear. Grutte man by de ploech út Swolle wie Marc van der Meulen. Hy makke trije doelpunten. ONS hat no 23 punten út 20 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)