Fries roeit Oxford-Cambridge

28 mrt 2009 - 15:32
  • Sjoerd Hamburger by de Theems

Snein wurdt ien fan de grutste sporteveneminten fan Ingelân hâlden: de boatrace. Dat is de jierlikse roeirace tusken de universiteiten fan Oxford en Cambridge op de Theems yn London. Foar it earst yn de 155-jierrige histoarje docht der in Fries oan mei, Sjoerd Hamburger út Aldeberkeap.

Hy roeit yn it team fan Oxford. By de bookmakers is Oxford favoryt. Boppedat hat de coach fan Cambridge in probleem om't ien fan syn roeiers blesearre is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)