Fiif hurdriders rydbewiis kwyt

28 mrt 2009 - 14:44

By twa kontrôles yn Ljouwert en Doanjum hat de plysje it rydbewiis fan fiif hurdriders ôfpakt. De plysje kontrolearre de tagongsdiken fan de Junokade yn Ljouwert nei klachten fan bewenners dat der fierste hurd riden wurdt troch benammen jongerein.

Ien fan de trije hurdriders dy't syn rydbewiis ynleverje koe, wie in 25-jierrige Ljouwerter. De man ried 170 kilometer, dêr't 100 it maksimum is. By in kontrôle op de N31 by Doanjum waarden twa rydbewizen ynnaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)