Drugsbesitters oppakt

28 mrt 2009 - 14:17

De plysje yn Ljouwert hat freed twa manlju oanhâlden dy't drugs by har hiene. In 40-jierrige Ljouwerter waard moarns troch plysjes fan it biketeam pakt op it Blokhúsplein. De man foel op om't er wat fuortstoppe op it momint dat de plysjes him yn 'e mjitte kamen. Hy hie 15 boltsjes mei drugs by him.

Yn de Uniabuert waard freed in 29-jierrige man pakt dy't 23 boltsjes mei kokaïne by him hie. Beide manlju sitte noch fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)