Mear oanhâldings borrelbussaak

28 mrt 2009 - 14:11

De plysje hat ôfrûne wike noch trije fertochten oanholden yn de saak fan de fjochtpartij yn de borrelbus yn Noardwâlde. It giet om in 20-jierrige man út Jobbegea, in 21-jierrige man út De Gordyk en in man fan 20 út Langsweagen.

Yn de nacht fan 21 op 22 maart ûntstie yn Eesveen in fjochtpartij tusken groepen jongerein. De fjochterij gie fierder yn de bus. De sjauffeur sette de bus yn Noardwâlde stil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)