Kafees Balk betider ticht

28 mrt 2009 - 12:43

De hoareka yn Balk docht fan dit wykein ôf de doarren in oere earder ticht. Se hawwe har nocht fan de diskusje mei de gemeente Gaasterlân-Sleat oer de slutingstiden. Beide partijen prate der al acht jier oer.

De gemeente wol dat de doarren in oere earder slute, sadat jongeren minder drinke. Se binne no faak al dronken foar't se yn 'e kroech komme, omdat se yn keten en op oare plakken al foardrinke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)