Koggeskip hast net yn Drylts

28 mrt 2009 - 12:35

In 14e-ieusk koggeskip is freed hast strâne by Drylts troch hurde wyn en ûndjip wetter. It skip, in replika fan in âld hannelsskip, soe nei de stêd komme yn ferbân mei it 100-jierrich jubileum fan de Feriening Fryske Alve Stêden.

Rykswettersteat hie foarôf besjoen oft it wetter djip genôch wie, mar wat tichter it skip by Drylts kaam, wat dreger it waard om troch it wetter te lavearjen. In pear hûndert meter foar it sintrum moast it skip oanlizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)