Foppe de Haan hâldt op

Foppe de Haan hâldt op as trainer
Foppe de Haan (65) hâldt op as fuotbaltrainer. De Haan is no noch baas by it belofteteam fan Oranje. It kontrakt mei de KNVB rint dit fuotbalseizoen ôf. Dêrnei wol De Haan gjin baan as trainer mear nimme. Hy hat gjin sin mear oan wedstriden troch de wike.
Foppe de Haan is sûnt 1974 aktyf as trainer. Oant no ta hat er noait echt dúdlik sein dat er ophâlde woe, as syn kontrakt ôfrûn wie.