Plysje beskermet Wiedemeijer

27 mrt 2009 - 23:21
  • Skiedsrjochter Wiedemeijer ferlit it stadion

Skiedsrjochter Reinold_Wiedemeijer hat freedtejûn ûnder plysjebegelieding Ljouwert ferlitten. De skiedsrjochter waard opwachte troch lulke Cambuur supporters. SC_Cambuur spile tsjin Excelsior en Wiedemeijer joech tidens de wedstriid twa diskutabele reade kaarten oan Koen Brack en Ruud ter Heide.

Benammen de kaart foar Ruud ter Heide wie net terjochte. Hy soe in earmtakke útdield hawwe, mar út de tv-bylden docht bliken dat dit net sa is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)