Subsydzje foar lokale omroppen

27 mrt 2009 - 21:46

Gemeenten moatte serieuze lokale omroppen subsydzje jaan. Dat stiet yn in wet dy't troch de Twadde Keamer oannommen is. It giet om in fergoeding foar kosten dy't makke wurde foar it meitsjen fan publike programma's.

Der wurdt tocht oan in fergoeding fan 1.30 euro foar elk hûs yn de gemeente, mar hjiroer moatte noch ôfspraken makke wurde mei de VNG, de Vereniging van Nederandse Gemeenten. It Commissariaat moat der op tasjen dat de gemeenten harren oan de wet hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)