Brân by pleats yn Menaam

27 mrt 2009 - 19:52
  • foto: Jaring Rispens

By in brân yn de stâl fan in pleats yn Menaam binne freedtejûn 300 kij út de stâl jage. Nei alle gedachten is de brân ûntstien troch koartsluting wêrtroch in trekker yn 'e brân fleach.

Omdat der kâns wie dat de stâl ôfbaarne soe, binne meardere brânwachtkorpsen ynsetten. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Der wie gjin skea. De kij binne mei help fan freonen, buorlju en famylje wêr yn de stâl brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)