Wurkstraf yn saak-Manon Thomas

Manon Thomas
Tsjin de man dy't bleatfoto's fan Manon Thomas op ynternet set hat, is in wurkstraf fan 180 oeren easke en 5000 euro smertejild. Thomas' eardere buorman krige de foto's troch yn te brekken op har kompjûternetwurk. Neffens de man die er dat yn 2005 en doe wie it noch net strafber.
De saak waard freed behannele yn Ljouwert. In filmploech fan RTL Boulevard waard derút set doe't se bylden makken fan Thomas dy't yn triennen útbarste. Dat is ferbean.