Feanspilers rikke diploma's út

In pear hûndert bern hawwe in sûnensdiploma krigen fan de spilers fan SC Hearrenfean. Se hawwe tweintich wiken lang besocht mear te bewegen en sûner te iten yn it ramt fan it projekt 'Scoren voor Gezondheid'.
Oft de kondysje fan de bern der no echt op foarútgien is, is noch net bekend. Ut foargeande jierren docht wol bliken dat bern troch it projekt mear sporte en sûner ite.