40 jier gitaren ferkeapje

De ferneamde Ljouwerter muzykwinkel Bob de Jong oan 'e Turfmerk hat wat te fieren. Freed op 'e kop ôf fjirtich jier ferlyn iepene Bob de Jong syn doarren. Bob is in begryp in 'e Fryske muzykwrâld. Gitaar spylje of sjonge docht er sels lykwols net, hy ferkeapet ynstruminten.
Eartiids wiene der folle mear spesjaalsaken, mar troch de opkomst fan ynternet is it minder wurden. Musicstore, it eardere Gigs, is de oare muzykynstrumintwinkel yn Ljouwert.