Aksje foar Stille Genieter

27 mrt 2009 - 15:20

In megakonsert yn in feesttinte op 'e Harkema hat tongersdei 6000 euro opsmiten foar piratestjoerder De Stille Genieter. Gooitzen de Haan stjoert al sûnt 2001 net mear út om't er in boete krige fan it Agentschap Telecom fan 10.000 euro. Dy is troch advokaatkosten oprûn ta 16.000 euro.

Oan it konsert diene mei: Koos Alberts, Lucas en Gea en Jannes. Dy lêste hat de aksje mei opset. Piraten lykas De Stille Genieter hawwe it Nederlânske liet súkses brocht, fynt er.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)