Volendam- It Fean útferkocht

© Omrop Fryslân
De wedstriid Volendam-Hearrenfean is foar de Hearrenfean supporters yn in pear minuten tiid útferkocht rekke. Foar de heale finale fan 'e beker wiene 450 kaarten beskikber foar de Hearrenfean supporters.
Op 'e ynternetside fan 'e klup koene online kaarten besteld wurde en dy wiene yn in pear minuten allegearre fuort. Dêrtroch binne sneon by de Ticketbox gjin kaarten mear beskikber. De heale finale tsjin Volendam wurdt spile op 22 april.