Vaatstra-ûndersyk giet troch

27 mrt 2009 - 12:37
  • Marianne Vaatstra

It Iepenbier Ministearje en de plysje Fryslân hawwe besluten dat it ûndersyk nei de moard op Marianne Vaatstra trochgiet. In 3D-team is yn oktober 2007 begûn. De groep bestiet út seis leden fan plysje en Iepenbier Ministearje. Sy meitsje gebrûk fan 'e modernste ûndersyksmetoades.

Yn juny 2008 is it einrapport fan it team oanbean oan de lieding fan it IM en de plysje. De beslissing om fierder te gean is nommen op basis fan oanbefellings yn dat rapport.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)