'Tomtom' út auto stellen

Ut in parkearde auto oan it Europaplein yn Ljouwert is tongersdeitjûn navigaasje-appataruur stellen. De wein is fan in 28-jierrige Dútser. De dieder koe by de apparatuer komme troch in rútsje yn te slaan.
Neffens tsjûgen is de dieder in man fan tusken de 20 en 25 jier dy't nei de ynbraak útnaaide. De lêste tiid wurdt wol faker ynbrutsen yn parkearde auto's oan it Europaplein. Dat hat de plysje bekendmakke.