André Hansen fuort by H'fean

André Hansen
De ôfrinnende kontrakten fan middenfjilder André Hansen en ferdediger Lesly Fellinga wurde net ferlingd. Yn 2004 kaam de Noor Hansen nei It Hearrenfean ta. Yn 2007/2008 is hy twa kear opereard oan syn rjochterknibbel. Hjirtroch hat Hansen de lêste seizoenen amper fuotballe.
Fellinga makke dit seizoen ferrassend syn debút yn de Uefacup wedstriid tsjin Vitoria Sétubal. Fierder kaam de Haïtiaansk ynternasjonal út yn it belofteteam.