Drugfertochte op Weaze oppakt

27 mrt 2009 - 10:59

De plysje fertinkt in 26-jierrige Ljouwerter fan it hanneljen yn drugs. De man waard tongersdeitemiddei oanhâlden op de Weaze yn syn wenplak. Hy foel de plysje op omdat er mooglike klanten benadere.

By syn oanhâlding liet de man trije boltsjes mei drugs falle. Yn syn bûsen waarden nochris fiif boltsjes fûn. De man is omreden fan it ûndersyk fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)