It Amelân krijt natuerlab

27 mrt 2009 - 10:55

It nije natuersintrum op it Amelân krijt 150.000 euro fan it VSB-fûns foar de ûntwikkeling fan natueredukaasje. It jild sil brûkt wurde foar it opsetten fan it natuerlaboratoarium en in ynternetlânskip.

De foarsjennings binne benammen rjochte op de jonge besikers fan it sintrum. Yn it lab kinne se sels fan alles ûntdekke troch proefkes en ûndersiken te dwaan. It nije natuersintrum giet ein juny iepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)