Fertochte oerfallen noch fêst

© Omrop Fryslân
De man út Nijlân dy't tiisdei oanhâlden is op fertinking fan it plegen fan in rige gewelddiedige oerfallen yn en om Snits bliuwt noch twa wike langer fêst sitten. Dat hat de rjochter-kommissaris tongersdei bepaald. De oerfaller bedrige syn slachtoffers meastentiids mei in grut mes, mar brûkte ek in kear in pistoal.
De oerfallen soargen foar grutte ûnrêst ûnder de Snitser befolking. De plysje hat de man oanhâlde kinnen mei help fan de oanwizings fan boargers.