Wim Stroetinga 20e op WK

Wim Stroetinga kaam op de scratch net fierder as in 20e plak
Wim Stroetinga hat by it WK baanfytsen yn it Poalske Pruszkow noch net in geweldich resultaat delsetten. Op it ûnderdiel scratch waard hy 20e. It goud wie foar de Frânsman Morgan Kneisky.
Stroetinga wie op de foargeande WK's hieltiten twadde. Hy fytst dit jier ek meast op 'e dyk en minder op de baan.