Sel en tbs seksueel misbrûk

© Omrop Fryslân
De offisier fan justysje hat tongersdei 8 jier sel plus tbs mei twangferpleging easke tsjin in ynwenner fan Ljouwert. De 62-jierrige man soe tsien jier lang syn soantsje en twa dochterkes seksueel misbrûkt ha.
De minderjierrige bern waarden drogeard en dêrnei krige it misbrûk syn beslach. De man soe der ferskate kearen fideo-opnames fan makke ha. Oer twa wike docht de rjochter útspraak.