Fiedselbanken yn problemen

26 mrt 2009 - 15:31

Fjouwer wike lyn drigen de planken by sân fan'e acht Fryske fiedselbanken hielendal leech te reitsjen. Hast alle fiedselbanken yn it lân krije har iten fia de fiedselbank yn Rotterdam, mar dy hat de distribúsje stillein.

Om't yn ús provinsje it tal hûshâldens dat gebrûk makket fan 'e banken ek nochris omheech giet fan 400 nei 600, ûntsteane der grutte problemen. Fjouwer grutte leveransiers út 'e provinsje hawwe no iten fergees weijûn om de tekoarten oan te foljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)