Boek oer likwidaasjes ferset

26 mrt 2009 - 14:17

It is in aspekt fan de Twadde Wrâld-oarloch dêr't it ferset letter mar dreech oer prate woe, nammentlik de likwidaasjes dy't it ferset útfierde op Dútsers, NSB'ers en oare tsjinstanners.

Yn totaal gie it yn Nederlân om mear as 500 likwidaasjes troch it ferset. Sjoernalist Jack Kooistra dûkte tegearre mei histoarikus Albert Oosthoek yn dat taboe. Troch te praten mei neibesteanden kamen se ta it boek Recht op Wraak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)