Brack werom yn basis Cambuur

26 mrt 2009 - 12:46

Koen Brack stiet freed yn de basis fan Cambuur. Dit giet ten koste fan Ale de Boer. Brack sil yn it sintrum fan de ferdigening spylje. Michael Jansen stiet linksback.

Cambuur spilet freed de topper tsjin Excelsior. By winst komme de Ljouwerters stevich op it tredde plak te stean. By Cambuur binne Marc mBoua en Randy Rustenberg nog blesseard. De rest fan de seleksje is fit

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)