KV Drachten hat nije trainer

26 mrt 2009 - 12:28

Kuorbalferieniging KV Drachten hat in nije trainer. Douwe de Haan komt oer fan Dos '46, dêr't er no trainer is fan de A1. Hy folget dêrmei Henk Jan Mulder op dy't oan de ein fan dit seizoen ophâldt.

Drachten degradearre dit seizoen út de haadklasse yn it sealkuorbal en spilet dit jier ek op it fjild yn de oergongsklasse. Douwe de Haan hat fierder trainer west by Olympia, De Pein, CSL en Rodenburg.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)