FNP wol dúdlikheid Jorritsma

26 mrt 2009 - 11:38

De steatefraksje fan de FNP wol dúdlikheid oer in mooglike deal dy't sletten is oer it ferhúzjen fan justisjele taken nei Grins. In Gerjochtshôf soe yn Ljouwert bliuwe kinne as it bestjoer en management fan de Rjochtbank wol nei Grins ferhuzet.

De FNP stelt dêr fragen oer oan Deputearre Steaten. Neffens de FNP stiet yn de plannen fan de minister neat oer ferhuzing fan it Gerjochtshôf nei Grins. Dêrmei soe de 'deal' in sigaar út eigen doaze wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)