Apparteminten Oerterp yllegaal

© Omrop Fryslân
De trije apparteminten foar handikapten yn de eardere Rabobank oan de Ikewei yn Oerterp binne yllegaal. De gemeente Opsterlân hie de komst fan de handikapten noait tastean mocht, want dat past net yn it bestimmingsplan. Dat seit de Raad van State.
De apparteminten foar handikapten binne fan de JP van den Bent stichting. De saak is oanspand troch de buorman fan de bank. Dy seit oerlêst fan de handikapten te hawwen.