Nij gebou foar Lemster skoalle

26 mrt 2009 - 11:14

Iepenbiere basisskoalle De Meerpaal op 'e Lemmer krijt in nij gebou. Ek buertsintrum It Flaggeskip nêst de skoalle krijt in nij ûnderkommen. Dat wol it kolleezje fan B&W fan Lemsterlân.

De Meerpaal bestiet al 40 jier en it pân foldocht net mear oan de easken. It Flaggeskip is like âld en wurdt brûkt troch buertferienings, de lokale radio en as pjutteboartersplak. Beide lokaasjes moatte ûnderbrocht wurde yn ien gebou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)