V. Boxel en Vd Wal nei Cambuur

26 mrt 2009 - 11:10

Robert van Boxel spilet fan takom seizoen ôf foar SC Cambuur. De 26-jierrige middenfjilder komt oer fan MVV. Van Boxel tekenet yn Ljouwert in kontrakt foar twa jier. Woansdei hat er al by Cambuur west om yn de kunde te kommen. Yn Maastricht is Van Boxel al trije jier in fêste basisspiler.

Rence van der Wal hat foar twa seizoenen by Cambuur tekene. De talintfolle 19-jierrige oanfaller komt oer fan Go Ahead Eagles. Hy makke dit jier yn tolve duels trije goals.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)