Twadde festiging Sky-taxi

26 mrt 2009 - 11:08

It bedriuw Sky-taxi fan de Jouster Roland Kortenhorst iepent in twadde festiging, op Rotterdam Airport. It bedriuw fan it âld-CDA-Twadde Keamerlid sit al op Schiphol.

Mei de festiging yn Rotterdam nimt it bedriuw ek in twadde taksy-jet yn tsjinst. Kortenhorst begûn yn septimber ferline jier mei syn loft-taksybedriuw. Hy mikt foaral op sakeminsken dy't koarte flechten meitsje moatte en dêrfoar net yn in lúkse jet stappe wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)