Mear pasjinten MCL Harns

26 mrt 2009 - 11:03

It tal pasjinten dat behannele wurdt yn it MCL Harns is ferline jier tanaam. 13 tûzen minsken binne troch de húsarts trochferwiisd nei it sikehûs. Der wiene 19 tûzen herhellingsbesites op de polyklinyk. Dat is 3 persint mear as yn 2007.

It tal behannelings yn de nije klinyk fan eachdokters is ek mei 10 persint tanaam. Neffens de direksje is der net in dúdlike ferklearing foar de taname. De goeie namme fan it sikehûs soe in reden wêze kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)