Wymbrits hâldt jild oer

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Wymbritseradiel binne takom jier net méár kwyt oan gemeentlike lêsten. De gemeente hoecht de belestingen net omheech te dwaan omdat der oer ferline jier goed 2,5 miljoen euro oerholden is.
It is foar it tredde jier achter elkoar dat Wymbritseradiel de lêsten op itselde nivo hâlde kin. De gemeente stekt it jild dat oerholden is foar in grut part yn it opknappen fan in tal doarpen en doarpshuzen.