Ynspekteurs Dierebeskerming

26 mrt 2009 - 10:53

De Dierebeskerming yn Ljouwert hat trije nije ynspekteurs krigen. Sy moatte de distriktsynspekteur fan de Lanlike ynspeksjetsjinst dierebekerming stypje, omdat dy allinne syn wurk net oan kin.

De distriktsynspekteurs trede op as earne sprake is fan bistemishanneling. De lêste tiid binne der safolle meldingen, dat der mear minsken nedich binne om dat oan te pakken. Dat is net allinne yn Ljouwert sa, mar jildt foar it hiele lân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)