Digitale bondeling ynstellings

Argiven kulturele ynstellings wurde bondele
De digitale argiven fan fjouwer kulturele ynstellings yn Ljouwert kinne nea mear weireitsje troch brân of oare rampen. Dat komt troch de gearwurking fan Tresoar, it Frysk Museum, Keramykmuseum Princessehof en de Fryske Akademy op it mêd fan ICT.
De fjouwer ynstellings hawwe har argiven bondele fia ynternet. Alle bestannen wurde opslein op servers op twa ferskate lokaasjes. Sa is der by brân altiten in reservebestân.