Jonges oppakt foar fernielings

26 mrt 2009 - 09:58

De plysje hat woansdei twa jonge ynwenners fan Drachten oanholden foar fernielings yn in skoalle oan de Burgemeester Wuiteweg. It giet om jonges fan 14 en 15 jier. De twa fernielden ferskate ruten om yn it gebou te kommen.

Yn it needgebou makken se der in bende fan. WC-potten waarden stikkensmiten en der waard in doar fernield. Dêrnei waard de brânslang oanset. In tsjûge belle 1-1-2, de plysje koe de fertochten dêrnei gau oanhâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)