CDA wol Sintrale As earder

© Omrop Fryslân
CDA Dongeradiel wol dat de Sintrale As earder oanlein wurdt. Se hawwe dêroer in brief skreaun oan de provinsje. De CDA'ers binne fernuvere dat de provinsje de Sintrale As net foardroegen hat as projekt dat earder útfierd wurde moat.
Deputearre Steaten wolle fanwege de ekonomyske krisis in tal projekten nei foaren helje. De Sintrale As falt dêrbûten. Neffens it Dongeradielster CDA is de As fan grut belang foar de ûntwikkeling fan Noardeast-Fryslân.