VMBO-skoallen yn ien gebou

De twa VMBO-skoallen op It Hearrenfean wolle no't se meielkoar yn ien nij skoalgebou sitte mear learlingen trochstreame litte nei in MBO oplieding. De goed 600 learlingen en leararen fan OSG Sevenwolden en de Skoallemienskip foar Beropstariedend Underwiis kinne gebrûk meitsje fan de nijste fasiliteiten op ûnderwiismêd.
De nije skoalle bestiet út twa gebouwen oan de Dûmny Kingweg dy't meielkoar ferbûn binne troch in sintraal plein.