Gjin jild mear út Waadfûns

26 mrt 2009 - 09:16

It Fryske Twadde Keamerlid Joop Atsma fynt it spitich dat it kabinet earst gjin jild mear út it Waadfûns útkeart. Tal fan projekten komme no op in sêft sin te stean no't it kabinet ynearsten gjin 80 miljoen euro útdielt. It giet mooglik om projekten foar ierdwaarmte op de Fryske waadeilannen.

It kabinet hat woansdei tal fan maatregels bekendmakke om de krisis oan te pakken. Der sil seis miljard euro ekstra ynvestearre wurde om de ekonomy te fersterkjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)