Nij ûndersyk camping Nannewiid

26 mrt 2009 - 00:00
  • Earder wiene der al protesten tsjin de camping

Op 'e Jouwer is woansdeitejûn gjin dúdlik beslút nommen troch de gemeenterie fan Skarsterlân foar of tsjin de komst fan in grutte camping oan it Nannewiid. It agindapunt waard fan 'e aginda helle, want der komt op fersyk fan de PvdA in ekstra ûndersyk nei ûnder oare de gefolgen foar de natuer en it ferkear.

Boargemaster en wethâlders hiene tastimming frege om de plannen konkreet út te wurkjen, mar allinnich it CDA en de VVD wiene dêrta ree.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)